Frysktalige bern socht foar film

© Omrop Fryslân
Foar in nije Fryske spylfilm wurde Frysktalige bern socht. De film mei de titel 'Sportman van de eeuw' fertelt oer in Fryske pealsitter dy't him as doel steld hat it wrâldrekord pealsitten te ferbetterjen.
Ynearsten wurde der trije bern socht, twa jonkjes en in famke. Bern dy't ynteresse ha, kinne in foto stjoere mei leeftyd, namme en adres nei Saskia Wagenvoort, Simon de Vliegerstrjitte 62 yn Ljouwert.