Soargen by âlden fan soldaten

09 apr 2004 - 00:00

Alden fan Fryske soldaten yn Irak meitsje har bot soargen, nei't tongersdei trije Japanners gizele binne troch Iraki's. De Nederlânske soldaten sitte tichtby de Japanners. It gefaar komt dus hieltyd tichterby.

De bylden fan de ûntfierde Japanners giene de hiele wrâld oer. De Irakese moslimstriders easkje dat de Japanners de soldaten yn 3 dagen weromstjoere. De mieningen oer it weromheljen fan Nederlânske soldaten bliuwe ferdield.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)