Ljouwert rint 400 banen mis

© Omrop Fryslân
Ljouwert rint de komst fan in grut callsintrum mis. De Rabobank hat besletten syn nije klantekontaktsintrum yn Grins te festigjen. It giet dêrby om 400 banen dy't oan de noas fan Ljouwert foarbygean.
De Rabobank hat al in grut klante- kontaktsintrum yn Tilburg en socht noch in festiging yn it noarden. Ferskate plakken lykas Ljouwert, Grins en Enschede binne besjoen. Dêrby spilen ferskillende kritearia in rol.