Skylge krijt mooglik smartcard

09 apr 2004 - 00:00

It Skylger gemeentebestjoer besjocht at it mooglik is om toeristen belesting betelje te litten mei in spesjale smart-card. Oant no ta sit de toeriste- belesting by de priis fan it boat- kaartsje yn. It giet dan om 3 euro 85.

De gemeente tinkt dat yn de takomst in ferheging nedich is, mar Rederij Doeksen sjocht dat net sitten. De rederij wurdt op de hege priis foar in kaartsje oansjoen. De Dútse waad- eilannen ha al in smartcard-systeem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)