Aksje tsjin Aids yn diskoteek

© Omrop Fryslân
Studinteferiening Trinitas Leovardiae út Ljouwert organisearret yn de nacht fan 2 op 3 juny in aksje tsjin Aids. De aksje is bedoeld om de sykte nochris by de studinten ûnder de oandacht te bringen, om't wer hieltyd faker ûnfeilich en dus gefaarlik frijd wurdt.
Op de jûn wurde fergees kondooms útdield. Fierder wurdt jild ynsammele foar de lanlike aksje 'Stop Aids now'. Nijsgjirrich is dat de aksje holden wurdt mei in feest yn in diskoteek.