Dongeradiel wurdt Verdonkeradiel

09 apr 2004 - 00:00

Op de plaknammebuorden yn Dongeradiel is de gemeentenamme tongersdeitenacht feroare yn Verdonkeradiel. It giet hjir om in ludike plakaksje fan it Sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking it anty- diskriminaasjeburo.

De organisaasjes wolle sa har ôfkeuring útsprekke oer de plannen fan de Dongeradiel om dêr in útsetsintrum te festigjen. Yn in alternatyf plan stelle se út om alle Fryske doarpen in asylsikersgesin adoptearje te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)