'Woanskip wurdt sloopt'

08 apr 2004 - 00:00

It 'Woanskip' fan it liet fan Anneke Douma giet nei de sloper. Eigner Wobbe van Seijen docht it arkje foar in âld-izerpriis fan 'e hân. Hy woe it arkje opknappe litte en yn 'e nije museumhaven hawwe, mar de gemeente Ljouwert reagearret net op syn plannen.

It arkje wurdt besongen yn it ûnoffisjele folksliet fan Ljouwert en it clubliet fan Cambuur. Neffens Van Seijen fertsjinnet it in moai plakje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)