'Haven' Prinsetún noch net klear

© Omrop Fryslân
De oanlis fan de nije walbeskoeiïng yn 'e Prinsetún yn Ljouwert duorret langer as tocht. De oannimmer hat problemen mei de ferankering. Dat is foarearst noch net oplost.
VVD-riedslid Wyb Feddema freget him ôf oft de gemeente dit jier wol it folle pûn oan lisjild freegje kin fan de boatsjeminsken. Want ek de nije foarsjennings foar wettersporters lykas húskes en it douchegebou lykje noch lang net klear te wêzen.