Boeren kinne lân net misse

© Omrop Fryslân
Boeren yn Fryslân wolle gjin lân ynleverje foar de berging fan wetter. Dat die bliken op 'e Steategearkomste oer it nije streekplan fan Fryslân. De provinsje wol 1000 hektare boerelân brûke foar tydlike opslach. Dat is nedich om wetteroerlêst foar te kommen.
It fâkbûn fan Melkfeehâlders, de NMV, en boere-organisaasje NLTO moatte dêr neat fan hawwe. Boeren kinne de grûn net misse. Boppedat wurdt de boaium fernield, sa fine se.