Hantekenaksje sportfiskers

07 apr 2004 - 00:00

De Fryske federaasje foar sportfiskers hat woansdeitemiddei 10.000 hantekens oanbean oan deputearre Mulder. Se wolle dat de provinsje ek rekken hâldt mei de sportfiskers yn de nije nota fiskerijbelied, dêr't op it stuit oan wurke wurdt.

Jierliks wurdt der sa'n 100.000 kilo fisk ophelle. It grutste part troch streupers. De sportfiskers binne benaud dat der net genôch fisk oerbliuwt. Yn Fryslân binne sa'n 100.000 sportfiskers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)