Spotsje A. de Rooij mei op tv

07 apr 2004 - 00:00

Dam Beton út Akkrum mei syn reklamespot mei in Annie de Rooij-lookalike gewoan útstjoere. Dat hat it management fan Paul de Leeuw besletten. Se ha de spot dêr't in Fryske akteur it typke fan Paul de Leeuw neidocht, besjoen en fine it ûnskuldich.

Dam Beton krige woansdei wol in brief fan advokaat Moskowitz dy't drige mei 10.000 euro boete foar alle dagen dat it spotsje op televyzje komt. Neffens de advokaat giet it om in grapmakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)