Temajûn oer faksinaasje

07 apr 2004 - 00:00

Fakânsjegongers wite faak net dat se in faksinaasje ha moatte foar guon lannen. Reisburo's moatte dat folle faker fertelle. It leafst soe it fuortdaliks by de boeking al moatte. Dat fynt alteast de GGD Fryslân.

Risikogebieten lizzen al op trije oeren fleanôfstân, sa warskôget de GGD. Dêrom hâlde se oare wike tiisdei in temajûn foar reisburo's. Der wurdt dan mear ynformaasje jûn oer ynintingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)