Omset Sodexho sakke troch euro

07 apr 2004 - 00:00

De omset fan cateraar Sodexho is it ôfrûne healjier mei 4,5 prosint sakke yn ferglyk mei deselde perioade ferline jier. De oarsaak leit neffens Sodexho yn de djoere euro. It Frânske Sodexho is de grutste cateraar fan de wrâld.

It bedriuw naam earder it Nederlânske Van Hecke oer. Sodexho is yn Fryslân ûnder oaren aktyf op it Provinsjehûs, by soarchferskerder De Friesland en by Omrop Fryslân. Sûnder de euro hie it bedriuw hast 4 prosint mear omset helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)