Littenseradiel ferheget 3 brêgen

06 apr 2004 - 00:00

De gemeente Littenseradiel ferheget trije brêgen foar de Middelseerûte. De brêgen wurde ophege oant in hichte fan 2 meter 50.

De Middelseerûte is ien fan de histoaryske farrûtes yn it Fryske Marreprojekt en moat troch de ferheging in alternatyf wurde foar it drokke Prinses Margrietkanaal. Ek is it neffens in gemeentewurdfierder in goeie kâns om de gemeente Littenseradiel better op de kaart te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)