Indoor moat wike foar domino

06 apr 2004 - 00:00

It hynstespektakel Indoor Friesland yn it FEC yn Ljouwert giet dit jier net troch yn de nije opset. Dat komt omdat SBS yn deselde tiid yn novimber wer it jierlikse Domino-D-Day organisearret.

SBS hie dêr al in kontrakt oer sletten mei it FEC. Indoor Friesland kin dêrtroch ien dei gjin gebrûk meitsje fan de evenemintehal. Doel wie om Indoor dit jier te kombinearjen mei Taptoe Ljouwert en de Hynstekeuringen. Dy twa eveneminten geane wol troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)