Harnzer haven wurdt befeilige

© Omrop Fryslân
Guon dielen fan de haven yn Harns sille yn de takomst nei alle gedachten net mear tagonklik wêze foar it publyk. Ek komt der mear ferljochting en bewaking.
It strangere tafersjoch yn de haven makket diel út fan in pakket fan nije feilichheidsmaatregels dat op dit stuit taret wurdt yn Harns. Dy maatregels moatte de haven better beskermje tsjin terroristyske oanslaggen. Harns moat de maatregels foar 1 july klear hawwe fanwege in nije Europeeske rjochtline.