Grien ljocht foar apparteminten

© Omrop Fryslân
Op it plak fan de ôfbrutsen Meentheflat yn Ljouwert komme trije apparteminte- kompleksen. In mearderheid fan de polityk yn Ljouwert is dêrfoar.
De bewenners fan it Havankpark binne net sa bliid mei dat beslút. Sy hiene beswier oantekene om't de flats it ljocht fuortnimme sille. Ek wurdt it drokker op de dyk en is der minder romte foar bern om te boartsjen. Wethâlder Waanders joech dat lêste ta, mar woe neat witte fan skaadwurking.