Spesjale help foar ferslaafden

06 apr 2004 - 00:00

Dakleazen yn Fryslân dy't ferslaafd binne en psychiatryske problemen hawwe, krije ynkoarten help dy't spesjaal op har rjochte is. Trije helpynstânsjes ha dêr ôfspraken oer makke. It giet om de GGZ, it maatskiplik wurk en de ferslavingssoarch.

Om de ferslaafden better te helpen komt der in sosjaal pension. Minsken kinne dêr ûnderdak krije en op 'e tiid ite. De klinyk is bedoeld om minsken te helpen by har ferskillende problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)