Raket F16 ûntmantele yn Ljouwert

05 apr 2004 - 00:00

Op de fleanbasis Ljouwert is moandei in raket fan in Amerikaanske F-16 ûntmantele. It giet om in saneamde side winder, dy't boppe de Noardsee ôfsketten wurde soe. It meganisme wurke net en it wapen bleau ûnder it tastel hingjen. De piloat fleach op dat stuit boppe Deensk grûngebiet.

Yn Ljouwert hat in spesjaal tiim de raket feilich steld. Neffens de fleanbasis bart soks wol faker en wie de sitewaasje net gefaarlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)