Frysk súskes op NK itensiede

05 apr 2004 - 00:00

Fryslân hat it goed dien by it Nederlânsk Kampioenskip iten siede foar jonge koks yn Utert. Nei kampioen Lanny van Waarde út Seelân waard Ivo van der Molen fan De Gastronoom út Harns twadde. Foppe Wiersma fan restaurant 't Plein' op 'e Jouwer waard tredde.

De goeie klassearring fan 'e jonge koks lit neffens Wiersma sjen dat Fryslân hjoeddedei op kulinêr mêd in goed nivo hat. Wiersma wol nei ferrin fan tiid syn eigen restaurant begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)