Voicebom nei falske melding 112

© Omrop Fryslân
Plysje Fryslân wol it tal falske meldings by alarmnûmer 112 oanpakke. Minsken dy't mei in fêste tillefoan in falske melding dogge, kinne tenei rekkenje op in saneamde voice-bom. Dêrby krije minsken dy't in falske melding dien hawwe ferskate kearen in berjocht werom fan 'e meldkeamer.
Yn 'e voicebom wurdt sein dat it samar beljen fan it alarmnûmer ferbean is. De plysje krijt alle moannen in pear tûzen falske meldings.