Ritsma ferlingt kontrakt by TVM

05 apr 2004 - 00:00

Rintsje Ritsma hat syn kontrakt mei reedridersploech TVM mei in jier ferlingd. Troch blessuerelijen belibbe de 33-jierrige Ritsma in min seizoen. Septimber foarich jier bruts de mearfâldich Europeesk en wrâldkampioen by it kitesurfen syn kûtbonke.

Ritnsje Ritsma kaam wol by in pear wedstriden yn aksje, mar prestearde dêr net goed genôch om him te pleatsen foar de grutte toernoaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)