Fakatueres net yn it Frysk

05 apr 2004 - 00:00

Personielsadvertinsjes fan 'e gemeente Skarsterlân wurde tenei allinnich mar yn it Nederlânsk publisearre, as it oan b. en w. leit. Skarsterlân wie wend om dat de lêste jierren yn it Frysk te dwaan, mar de yndruk bestiet dat in Fryske oprop minder reaksjes opsmyt as in oprop yn it Nederlânsk. De gemeente easket wol fan nije meiwurkers dat se posityf foar it Frysk oer steane.

Foar it oare hoecht der fan b. en w. neat te feroarjen yn it taalbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)