Den Haach wit te min fan Noarden

05 apr 2004 - 00:00

Noardlike Twadde-Keamerleden witte eins te min ôf fan in soad problemen dy't yn Fryslân spylje. Dat is de konklúzje fan in groep fan 40 bestjoerders fan lokale partijen yn Fryslân. Sy ha op besite west yn Den Haach om mei in tal noardlike keamerleden te praten.

Doe't de lokale partijen bygelyks de problemen mei de fargeul nei Harns oansnijden, die bliken dat de keamer- leden dêr amper wat oer wisten. Wylst Harns dêroer al jierren oer klaget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)