Noch soad ûnfeilige ferve brûkt

05 apr 2004 - 00:00

Skilders by lytse bedriuwen brûke noch in soad ferve mei gefaarlike stoffen. It giet om tweinitch prosint fan de skilders dy't net mei de feilige ferve op wetterbasis wurket. By grutte bedriuwen wurdt sokke ferve wol folle mear brûkt.

Fakbûn FNV-bou hat no ferskate gearkomsten organisearre om skilders foar te ljochtsjen oer de gefaren fan net-feilige ferve. Sa kin de skilders- sykte OPS der troch ûntstean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)