Gjin houseparty's op skippen

© Omrop Fryslân
It hâlden fan houseparty's op skippen mei beteljende passazjiers wurdt sa goed as ûnmooglik yn Fryslân. Alle wettersportgemeenten komme dêrfoar mei in aparte feroardening. Dat betsjut dat noch dit jier gemeentlike fergunnings nedich binne foar sokke feesten.
Redenen om tsjin de houseparty's op boaten op te treden binne ûnder mear lûdsoerlêst en drugs- en alkoholgebrûk. De Iselmargemeenten kamen earder al mei in ferbod.