Gemeente feilt meubels

04 apr 2004 - 00:00

In feiling fan gemeentemeubels hat dit wykein yn Weststellingwerf aardich wat jild opsmiten. De gemeente woe fan 'e meubels út it âlde gemeentehûs ôf en stelde se beskikber foar de ferkeap. Ferienings en organisaasjes koene harren oanmelde foar de opbringst. Dat diene 35 clubs en ferienings.

Allegearre krigen se wat, mar net elk likefolle. De Ronde Tafel krige it measte. Se wolle in bernebuorkerij by soarchsintrum Lyndestede oanlizze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)