Jonge fernielers oanhâlden

04 apr 2004 - 00:00

Yn Drachten binne seis minderjierrige jonges oanhâlden foar fernielings. De plysje hie sjoen dat se oan 'e Raai autospegels fernielden, tsjin buorden oan skopten en pallets en buorden fernielden.

De jonges binne allegearre 16 en 17 jier en se komme fan Oerterp. Nei ferhear binne se wer nei hûs ta stjoerd. It buro Halt hannelet de saak fierder ôf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)