Kâns op Europa foar Hearrenfean

04 apr 2004 - 00:00

SC Hearrenfean kin him mar klearmeitsje foar Europeesk fuotbal. De Friezen diene it sneon poerbêst tsjin Roda JC. Yn Kerkrade wûn de ploech fan trainer Foppe de Haan mei 0-1 fan de Limburgers.

Lange tiid bliuwde it 0-0, mar yn 'e lêste minuten makke Väyrynen de iennige goal fan 'e wedstriid. Dêrnei foelen de spilers en de technyske stêf inoar fan blidens om 'e hals. De treffer wie in grutte ferromming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)