Botterbehâld wol bekender wurde

© Omrop Fryslân
De feriening Botterbehâld wol besykje mear bekendheid te krijen. Dat is dit wykein besletten op de jiergearkomste. De feriening set him sûnt 1968 yn foar it behâld fan orzjinele silende houten botters en oare fiskersskippen. Faak giet it om skippen dy't op 'e Iselmar of Sudersee syld hawwe.
Botterbehâld hat 123 leden en 1650 donateurs. Mei in nije ynternetside moatte de aktiviteiten no better foar it fuotljocht brocht wurde.