Skriuwwike siket dielnimmers

04 apr 2004 - 00:00

Foar de tredde 'Skriuwwike foar Frysktalige bern' wurde noch in tal jonges socht. De wike op Skylge is bedoeld foar bern fan 'e twa heechste klassen fan 'e basisskoalle. Fanwege de gearstalling fan 'e groep wurde benammen jonges socht.

De Skriuwwike is op 'e Folkshegeskoalle yn 'e maaiefakânsje. Njonken Frysk skriuwen learen is der ek romte foar kultuer, sport en boartsjen. Belje foar ynformaasje mei 0519 - 51 83 51.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)