ONS Snits nei sneonshaadklasse

03 apr 2004 - 00:00

ONS Snits hat sneon de kampioenskipswedstriid yn de 1e klasse E tsjin Drachtster Boys wûn mei 5-1. ONS promovearret dêrmei nei de sneonshaadklasse.

Drachtster Boys en de Ljouwerter Sweltsjes steane op it twadde en tredde plak yn de 1e klasse E en kinne fia de neikompetysje ek noch yn de haadklasse terjochte komme. Fierder wûn haadklasser Harkemase Boys sneon yn Grins mei 2-1 fan Oranje Nassau.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)