'Dualisme wurket net'

© Omrop Fryslân
De Fryske polityk is min te sprekken oer it dualisme. Dit nije systeem fan bestjoeren waard in jier lyn ynfierd om de polityk spannender en libbener te meitsjen en helderder foar de boarger. Mar echt goed wurkje docht it net.
Guon steateleden binne nei in jier noch net wend oan it systeem. Deputearren fine it te omslachtich. It dualisme is nei it 'Haachse model': mei de Fryske steaten as de Twadde Keamer en de deputearren as ministers.