Oerterper oanhâlden yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige ynwenner fan Oerterp is freed oanhâlden yn Drachten. Hy wurdt fertocht fan deaslach en mishanneling. De man wie oan 'e ein fan de middei mei syn auto ynriden op in 50-jierrige ynwenner fan Drachten.
Dy koe noch krekt op tiid fuortspringe. De fertochte ramde dêrtroch in buske mei syn auto. Hy ried dêrnei fuort, mar melde him letter sels by de plysje. Hy is doe arrestearre.