Librije wint bernesjongfestival

© Omrop Fryslân
Basisskoalle De Librije fan De Gordyk hat freed mei it liet 'Pake' de finale wûn fan it Sjongfestival foar Bern. Sy ûntfongen dêrfoar de Karin de Jong- priis. De finale wie yn de Drachtster Lawei, dy't hielendal útferkocht wie. Der diene tolve skoallen oan mei.
De twadde priis wie foar it Fûnemint fan Wommels en de tredde foar de Twine fan Drylts. Oan it sjongfestival foar bern kinne groep seis, sân of acht fan de basisskoalle meidwaan.