Boekhoven: Hylpen op Unescolist

© Omrop Fryslân
De bysûndere dûns, klaaiinge en kultuer fan Hylpen fertsjinnet in plak op de wrâlderfskiplist fan 'e Unesco. Dat sei boargemaster Boekhoven fan Nijefurd freed by de weriepening fan it Hidde Nijland Museum yn Hylpen.
It museum foar Hylper skilderkeunst, klaaiinge, kultuer en skiednis waard de ôfrûne tiid foar 150.000 euro by de tiid brocht. It waard iepene mei Hylper dûnsers yn dracht. Boekhoven naam de iepeningshanneling foar syn rekken.