Swimster Dekker tredde yn A'dam
Swimster Inge Dekker fan it Hearrenfean is freed by de Swim Cup yn Amsterdam tredde wurden yn 'e finale fan 'e 100 meter flinterslach. Dekker tikke oan yn in tiid fan ien minút en 31 hûndertste. De race waard wûn troch Olympysk kampioene Inge de Bruijn.
Twadde waard Jedreszak fan Poalen. Dekker bleau mei har tiid boppe de limyt foar de Olympyske Spullen yn Atene.