Strop foar prinsipiële boeren

© Omrop Fryslân
Boeren dy't har fee net earmerkje, rinne tûzenen euro's mis. Dat hat it ministearje fan Lânbou freed besletten. De earmerkwegeraars komme net yn oanmerking foar in fergoeding foar de legere molkepriis.
Fan 1 july ôf krije boeren sa'n tweintich prosint minder útkeard foar de oanlevere molke. Boeren dy't it fee net earmerkje, hâlde har net oan de regels en krije dus gjin finansjele kompensaasje, fynt it ministearje.