Doarp wol yndustry konsintreare

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Skearnegoutum wolle de yndustry by har doarp oan de oare kant fan de provinsjale dyk konsintreare. It giet om de dyk fan Snits nei Ljouwert.
It foarstel waard tongersdei dien by de presintaasje fan de struktuerfyzje foar it doarp. It plan kaam fan in besiker en waard troch de mearderheid fan de oanwêzigen stipe. It is mar de fraach oft it plan ek helber is. It soe dan passe moatte yn it provinsjale belied foar yndustrysones.