Oostergo yn swier waar

© Omrop Fryslân
De takomst fan sosjale wurkfoarsjenning Oostergo yn Dokkum sjocht der min út as it bedriuw net goedkeaper wurket. Foaral de ynterne kosten fan it bedriuw lizze te heech. Dat seit wethâlder Ate Oosterhof fan Dongeradiel.
De gemeente sil ûndersykje hoe't it bedriuw wer sûn wurde kin. Oostergo hat yn 2003 in ferlies hân fan fjouwer ton en dit jier sil dat nei alle gedachten fiif ton wurde. De gemeente draait foar in grut part op foar dizze kosten.