Rocky Siberie op wei nei it WK

02 apr 2004 - 00:00

Cambuur-spiler Rocky Siberie, dy't dizze wike noch dien krige by Cambuur, hat woansdei de Nederlânske Antillen yn 'e race hâlden foar mooglike dielname oan it WK yn Dútslân yn 2006. De Nederlânske Antillen skeakelen it altyd lestige Antigua út mei 3-0. Rocky Siberie stie yn 'e basis en iepene de skoare.

De Antillen moatte it no opnimme tsjin Honduras. Siberie is noch drok op syk nei in nije klub.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)