Programma Wâldrock folslein

© Omrop Fryslân
It programma foar Wâldrock is mei trije nije bands no folslein. Fear Factory, Death Angel en it Fryske Mortuary IOD binne tafoege oan de programmearring.
Op it metalfestival sille 15 bands optrede, ûnder mear Cradle of Filth, Within Temptation en Monster Magnet. De foarferkeap foar Wâldrock, op 19 juny yn Burgum, is yntusken út ein set. Op it festival sil op in grut skerm ek de fuotbalwedstriid tusken Nederlân en Tsjechië te sjen wêze.