Ferset tsjin nij museum
De Ottema-Kingmastichting is tsjin in nij Frysk Museum op it Ljouwerter Saailân. Dat bliek tongersdei by in presintaasje fan de plannen dêrfoar. De stichting is eigner fan de histoaryske kolleksje yn it Frysk Museum.
De stichting freget him ôf oft it nije museum nedich is. In pear jier lyn is der foar miljoenen ynvestearre yn it hjoeddeistige Frysk Museum. Ek soe der op it Saailân te min plak wêze foar de folsleine histoaryske kolleksje.