Eilannen net tsjin boarings

© Omrop Fryslân
De fiif Waadeilannen binne posityf oer it advys fan 'e kommisje-Meijer oer gasboarrings yn 'e Waadsee. De kommisje makke tongersdeitemoarn yn Den Haach bekend dat der gjin grutte risiko's ferbûn binne oan de gasboarrings.
Foarsitter Verhoeven fan it Oerlisorgaan Waadeilannen fynt it wichtich dat der 'sûnder emoasjes' sjoen is nei de gasboarrings. De beswieren fan natuer- en miljeuklubs neamt Verhoeven 'hypokryt'.