PvdA Steaten tsjin boarjen

01 apr 2004 - 00:00

De fraksje fan de PvdA yn de Fryske Steaten bliuwt mordikus tsjin gasboarrings yn it Waad. Salang't der gjin wettertichte garânsjes besteane dat it waad net oantaast wurdt, moat boarjen ferbean bliuwe fynt de fraksje.

De CDA-steatefraksje wol noch neat sizze oer eventuele boarrings. De partij hâldt lykwols foarearst fêst oan it bestjoersakkoart dat boarrings net tastiet. It úteinlike beslút falt noch foar it simmerreses yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)