9250 hantekens foar spoarline

© Omrop Fryslân
Yn it Provinsjehûs wie woansdei in debat fan Provinsjale Steaten mei bewenners fan Fryslân oer it iepenbier ferfier. De provinsje moat 3 miljoen euro besunigje. In wurkgroep sil besjen wêr't dat jild weikomme moat. Ien fan de opsjes is om buslinen nei doarpen ûnder 750 ynwenners te skrassen.
In aksjegroep tsjin opheffing fan it spoar Harns-Ljouwert bea op de harksitting 9250 hantekenings oan. Sy hoopje dêrmei de spoarline te behâlden.