Enkête fan learlingen yn Balk

31 mrt 2004 - 00:00

Te min kompjûters, ferfelende leararen en in saai skoalgebou. Dat binne de klachten fan learlingen fan it CSG Gaasterlân yn Balk. It is de útkomst fan in enkête dy't de jongeren sels hâlden ha. Se dogge mei oan it lanlike projekt 'Vraag het de leerling', opset troch de ûnderwiisynspeksje.

By dat projekt heart ek in diskusje yn de klasse. De skoalle yn Balk docht as iennichste yn Fryslân mei oan it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)