Keeper Tabarima nei Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat opnij in keeper kontraktearre. It is de 18-jierrige Sven Tabarima fan Barneveld. Hy sil by Hearrenfean as tredde keeper fungearje. Sven tekene in ien-jierrich kontrakt, wêrby't de klub in opsje foar nochris twa jier betinge.
Sven Tabarima, dy't op it stuit diel útmakket fan it belofteteam fan Ajax, folge de ôfrûne sân jier de keepers- oplieding yn Amsterdam. Hearrenfean luts ek Brian Vandenbussche (22) oan.