3 Ljouwerter ynbrekkers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Ljouwert trije manlju oanhâlden foar in ynbraak yn in winkel yn Gytsjerk. De plysjemannen kamen de fertochten tsjin doe't se út de rjochting Gytsjerk nei Ljouwert rieden. Dat wie nei in melding.
De plysje sette de auto dwers oer de dyk, mar de auto fan de fertochten ried der hurd foarby. Nei in koarte efterfolging einige de rit yn de Ljouwerter Frijheidswyk. It giet om trije Ljouwerters fan 20 en 18 jier.