Swimbad Dúndelle wurdt opknapt

31 mrt 2004 - 00:00

Iepenloftswimbad Dúndelle yn Bakkefean moat foar 60.000 euro opknapt wurde. De rubberen coating fan it dûkbad lit los en moat ferfongen wurde. De losse coating smyt gefaarlike situaasjes op, omdat swimmers tusken de coating en de wand fêstsitten bliuwe kinne.

De behearders fan it swimbad hiene graach foar de start fan it seizoen op 30 april de opknapbeurt klear hân. Dat slagget lykwols net, om't de gemeente Opsterlân noch in beslút nimme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)